Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Retteketet tsjyng boem Diel 2


Retteketet tsjyng boem Diel 2 (1992)

Retteketet tsjyng boem is in seleksje út de ferskes dy't de famylje van der Meer út Goaiingea tusken 1975 en 1990 song foar Omrop Fryslân. De ferskes foarmen in ûnderdiel fan de skoalradioprogramkes foar de lytse bern. In part fan de lietsjes stie earder al op platen: Kwek Kwek minemyn (1977), Hup sûpengrottenbrij (1980) en Tsien jier skoalleradio (1983), in oar part fan de ferskes is nij. Se steane allegear yn it boek Retteketet tsjyng boem (1992). As it net oars oanjûn is binne tekst, wize en arrangementen fan Hindrik van der Meer. De ferskes wurde songen troch Kees, Rinske, Gerbrich, Teake, Wytse, Beitske en Hindrik van der Meer. Ek de ynstruminten bespylje hja, op in pear nei, allegear sels. Sjoch ek ris nei diel 1 wannear't jo dy noch net hawwe.

1 Retteketet tsjyng boem - Famylje van der Meer
2 It sirkus - Famylje van der Meer
3 Rommeldebom - Famylje van der Meer
4 Lytse Feike Jan - Famylje van der Meer
5 Lytse Pier fan Poppenwier - Famylje van der Meer
6 Poppekast - Famylje van der Meer
7 Mearkelân - Famylje van der Meer
8 De brânwar - Famylje van der Meer
9 De molkboer - Famylje van der Meer
10 De grienteman - Famylje van der Meer
11 De patatbakker - Famylje van der Meer
12 De plysjeman - Famylje van der Meer
13 Dokterke boartsje - Famylje van der Meer
14 Pechfûgeltsje - Famylje van der Meer
15 Waarman Pyt - Famylje van der Meer, Pyt Paulusma
16 Snieman yn 'e finne - Famylje van der Meer
17 Knilles by de kapper - Famylje van der Meer
18 Hjerst - Famylje van der Meer
19 Reedridersdûns - Famylje van der Meer
20 Boekje lêze - Famylje van der Meer
21 Fertriet - Famylje van der Meer
22 Ferklaaiersliet - Famylje van der Meer
23 Itensiedersliet - Famylje van der Meer
24 Oer de kop flein - Famylje van der Meer
25 Bang wêze - Famylje van der Meer
26 Op myn fytske - Famylje van der Meer
27 Nei Afrika - Famylje van der Meer
28 Beltsjes yn 'e earen - Famylje van der Meer
29 De bistebus - Famylje van der Meer
30 Twa lytse finsterkes - Famylje van der Meer
31 Noazelietsje - Famylje van der Meer
32 Ferwerijkes - Famylje van der Meer
33 Skûtsjeskipper - Famylje van der Meer
34 Piter Patat - Famylje van der Meer
35 De trein fan Piter Hein - Famylje van der Meer